Stellerij fan kreamkes yn Dongeradiel
Dieven hawwe it yn Dongeradiel foarsjoen op kreamkes. Buertagint Kroes ropt dupearren fia twitter op om oanjefte te dwaan. Dieven soenen ûnder oare jild, griente, koeke en ierappels meinimme. De dieven binne benammen yn it noarden fan Dokkum aktyf, meldt Kroes.