KNKB presintearret twa nije bûnscoaches

28 jan 2015 - 17:17

It keatsbûn hat woansdei twa nije bûnscoaches presintearre. Marten Feenstra sil him dwaande hâlde mei Llarques en ynternasjonaal spul en Geert VanderVelden wurdt coach One Wall Handball.

It duo sil mei in aksjeplan komme om it nasjonale team ta te rieden op de ynternasjonale wedstriden. Yn septimber is de Champions League Llarques foar klupteams yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)