Reade tried: Rinne jo al waarm foar Kulturele Haadstêd 2018?

29 jan 2015 - 05:59

Juster hat eltsenien as it goed is in krante yn de bus krigen fan en oer Kulturele Haadstêd 2018. Dêryn stiet wat de plannen binne en hoe't it sit mei de jildsaken. Strekking fan de krante: eltsenien kin en moat meidwaan yn 2018. Dus... Rinne jo al waarm nei it lêzen fan dy krante? Wat binne jo ideeën foar 2018? Hoe moat it der útsjen? Wat soene jo 'leuk' fine? En wat fine jo fan de saken dy't no al betocht binne?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Reade tried
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)