Trije famyljeleden op PVV-list foar steateferkiezings

Trije famyljeleden út Peazens steane op de PVV-list foar de steateferkiezings fan 18 maart. Erna Cohen, har man Martin van den Brand en soan David kinne har alle trije bot fine yn de stânpunten fan de PVV en stelle har dêrom ferkiesber. Se stean op plak 5, 6 en 8 op de list.
Heit, mem en soan wolle mei de PVV it oars yn Fryslân. Gjin wynmûnen derby, de ôffaloven ticht, produkten fan eigen grûn ite, en net mear moslims yn Nederlân. Dat binne har stânpunten foar de ferkiezings. Listlûker foar de PVV by de steateferkiezings is Max Aardema.
Ferline jier foel de PVV-steatefraksje yn Fryslân noch út elkoar nei in útspraak fan Wilders oer mear of minder Marokkanen.