Minder WOZ-beswieren by Súdwest-Fryslân

De gemeente Súdwest-Fryslân hat yn trije jier tiid it tal WOZ-beswieren mei sa'n 60 prosint nei ûnderen ta brocht. Benammen de beswieren fan saneamde No Cure - No Pay buro's rûnen foar de gemeente yn de papieren. Dizze buro's strike in saneamde kostefergoeding op foar alle beswieren dy't terjochte binne.
Yn 2012 wiene de totale beswierkosten foar Súdwest-Fryslân hjirtroch sa'n 365.000 euro. Mei troch in aktivere oanpak fan ynwenners en in bettere ôfhanneling fan klachten is it sifer nei ûnderen ta brocht.