Sjinkie Knegt sneon huldige op Thialf

Sjinkie Knegt is foar de twadde kear Europeesk kampioen shorttrack © ANP
Sjinkie Knegt wurdt sneon huldige yn Thialf. De shorttracker út Bantegea waard it ôfrûne wykein foar de twadde kear yn syn karriêre Europeesk kampioen. Reden foar de gemeente en de KNSB om him yn it sintsje te setten.
Op Thialf binne sneon de Startclass shorttrack wedstriden. Dêr dogge mear as 140 jongeren út hiel Europa oan mei.