Arjan Stroetinga tred op iepen NK op Weissensee

28 jan 2015 - 14:47

Arjan Stroetinga is tredde wurden op it iepen NK op de Weissensee. De oerwinning gie nei Gary Hekman. De reedrider fan Team Van Werven wie de rapste yn in massasprint. Yn it grutste part fan de wedstriid wie der in kopgroep, mar yn de lêste 10 kilometer waard dy ynrekkene troch it peloton.

Yn de sprint kaam Hekman as earste oer de streek, foar Fabio Francolini en Arjan Stroetinga. De ôfrune twa jier wûn op de Weissensee in reedrider út de ploech fan coach Jillert Anema. Ferline jier wie dat Ingmar Berga, it jier derfoar Jorrit Bergsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)