Webside foar claimen skea troch gas- en sâltwinning

Ynwenners fan Fryslân dy't tinke dat se skea hawwe fan gas- of sâltwinning kinne telâne op in spesjale webside fan de provinsje. Op www.fryslan.frl/bodemdaling stiet hoe't je de skea klaime kinne en watfoar proseduere folge wurde moat. Der is ek in digitale kaart makke mei alle Fryske boarlokaasjes, mei dêrby ynformaasje oer de bedriuwen dy't foar dy lokaasjes ferantwurdlik binne. Ek is it mooglik om saakkundigen foar 90 euro in skearapport meitsje te litten.
Deputearre Sietske Poepjes wol minsken mei it digitale ynformaasjepunt boaiemsakjen stypje om de skea dy't se hawwe fergoede te krijen. Neffens Poepjes is dat hurd nedich, want guon minsken fine dit no sa lestich dat se om dy reden mar fan in skeaklaim ôfsjogge.
Op de webside steane ek direkte tillefoannûmers fan amtners dy't yn de matearje spesjalisearre binne foar fierdere stipe.