Buert wekker troch lûde muzyk út parkearde auto

28 jan 2015 - 10:24

Yn Ljouwert hat de plysje woansdeitemoarn betiid in 36-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Op it Cambuursterpad makke er in soad leven troch lûde muzyk yn syn auto te draaien. Bewenners waarden dêr wekker fan. Yn de parkearde auto hie er de radio op syn lûdst oan en alle ruten fan de wein stienen iepen. Doe't de plysje by de auto kaam, die bliken dat de man net oansprekber wie. Nei't er wekker makke wie, krige de plysje de yndruk dat er ûnder ynfloed fan drugs wie. Op it buro hat er in bekeuring krigen en in rydferbod foar in tal oeren.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje lûdsoerlêst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)