Smellingerlân weromfluite yn ûntslachkwestje

© gemeente Smellingerlân
Smellingerlân hat in amtner ûnrjochtlik ûntslein. Dat seit de rjochter yn heger berop. De amtner waard fjouwer jier lyn op non-aktyf set en letter ûntslein om't neffens de gemeente sprake wie fan fersteurde arbeidsferhâldingen op de ôfdieling dêr't se wurke. Sy soe dêr skuld oan ha. Ut ekstern ûndersyk die bliken dat it probleem de hiele ôfdieling oan te rekkenjen is en dat de lieding der te min oan dien hat om op it op te lossen. De amtner brocht de saak foar de rjochtbank. De oardiele dat de gemeente de frou wer yn tsjinst nimme moast.
Smellingerlân gie tsjin dy útspraak yn berop, mar hat dat no dus ek ferlern.