Frachtwein ferliest ûnderdielen op A7

28 jan 2015 - 09:49

Ferkear op de A7 fan It Hearrenfean nei Drachten moast woansdeitemoarn rekken hâlde mei fertraging. In frachtwein hie by Terwispel lading en ûnderdielen ferlern. Trije auto's binne dêrtroch op elkoar botst. De auto's moasten fuortsleept wurde en de ravaazje moast oprêden. Under it bergingswurk wie mar ien rydstrook beskikber. Om in oere as njoggen is de dyk wer frijjûn.

Trefwurden: 
ûngelok A7 plysje Terwispel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)