Sneltsjinst nei Flylân diels út de feart

28 jan 2015 - 08:19

Yn ferbân mei it minne waar dat ferwachte wurdt, lit rederij Doeksen de sneltsjinsten fan en nei Flylân woansdei oan de ein fan de middei ferfalle. It giet om de sneltsjinst fan Harns nei Flylân om 17.25 oere, fan Skylge nei Flylân om 18.20 oere en Flylân nei Harns om 18.55 oere.

De lêste ôffeart fan Flylân nei Harns is dêrmei om 12.00 oere, de lêste ôffeart fan Harns nei Flylân om 14.25 oere. De sneltsjinst nei Skylge fart wol de hiele dei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)