Wytmarsumerfeart wurdt útbaggere

28 jan 2015 - 06:12

It útbaggerjen fan de Wytmarsumerfeart is woansdei begûn. De feart fan Boalsert nei Arum is in belangrike farrûte foar de rekreaasjefeart. Wettersporters kinne fia dizze farwei fan Boalsert nei Harns en Frjentsjer farre. De wurksumheden wurde troch de provinsje dien út it Fryske Marreprojekt wei.

Deputearre Jannewietske de Vries en wethâlder Durk Stoker ha om 12.00 oere by de Blaupoartsbrêge yn Boalsert de starthanneling dien. It baggerjen wurdt mei in masine út 1904 dien.

De gemeente soarget dat it 80 kilometer lange trajekt útbaggere wurdt en draacht de skjinne feart dan oer oan de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)