Cambuur útskeakele yn kwartfinale bekertoernoai

27 jan 2015 - 20:24

SC Cambuur is tiisdeitejûn útskeakele yn de kwartfinale fan it bekertoernoai. De Ljouwerters ferlearen thús mei 3-2 fan PEC Zwolle. Nei 90 minuten spyljen wie it 2-2. Dêrtroch moast ferlingd wurde. Yn de 18e minút fan de ferlinging skoarde âld-Cambuurspiler Jody Lukoki de winnende treffer.

Yn de earste helte soarge Thomas Lam foar de iepeningstreffer foar Zwolle. Nei rêst sette Ryan Thomas de stân op 0-2. De oanslutingstreffer kaam yn de 55e minút fan Furdjel Narsingh. Fiif minuten letter wie it opnij Narsingh: 2-2.

Flak foar de ein fan de offisjele tiid hie Mikhail Rosheuvel de kâns om de 3-2 te meitsjen mar it slagge him net om te skoaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)