Fakbûnen yn aksje tsjin leanmaatregel by V&D

27 jan 2015 - 16:59

De fakbûnen sille mooglik mei juridyske prosesdueres besykje om foar te kommen dat de direksje fan V&D de leanen fan meiwurkers mei hast 6% werombringt. Op in drok besochte byienkomst fan it FNV yn Grins waard moandeitejûn dúdlik dat meiwurkers fan de festigings yn Ljouwert, Grins en Assen tsjin in leanoffer binne.

Mei in petysje sil dy boadkskip oerbrocht wurde oan de V&D-direksje. As de direksje de leansferleging trochset wurdt de kwesje foarlein oan de rjochter.

Trefwurden: 
fakbûnen V&D leanen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)