Oarlochsbern sjocht werom op befrijing Auschwitz

27 jan 2015 - 16:51

Der wurdt tiisdei betocht dat kamp Auschwitz 70 jier lyn befrijd waard. Frou Yntema fan It Hearrenfean hat de oarloch oerlibbe omdat se as poppe ûnderdak krige by pleechâlden yn Jiskenhuzen. Hast har hiele Joadske famylje dy't yn Amsterdam wenne, is fermoarde. Der is allinnich in âlde foto oerbleaun. Jopie Yntema-Hangjas is no 72 jier en Auschwitz hat altyd diel útmakke fan har libben, al hat se sels nea yn it ferneatigingskamp yn Poalen west.

Sûnt tongersdei wurde yn Westerbork de nammen fan 102.000 minsken oplêzen, frou Yntema die ek mei.

Trefwurden: 
Auschwitz Jopie Yntema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)