Nederlânsk team is klear foar striid om Bocuse d'Or

27 jan 2015 - 15:38

Team Nederlân komt woansdei yn aksje op de Bocuse d'Or, de grutte itensiederswedstryd yn it Frânske Lyon. De Fryske ynbring yn it team is grut: Jan Smink, Lars Aukema en coach Leendert Klaassens ha allegear in bân mei it heitelân. Der stride 24 lannen om de eare fan de Bocuse. Tiisdei giene de earste tolve teams los, woansdei mei Nederlân begjinne oan de wedstriid.

It team stiet der goed foar sizze alle eksperts. Lars Aukema rekke ferline wike blessearre oan de hân en hat no in rol as coach.

Trefwurden: 
Bocuse d'Or Lyon
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)