Omrop TIP: Werom nei Auschwitz

It is 70 jier lyn dat Auschwitz befrijd waard © ANP
Op 27 jannewaris 2015 is it 70 jier lyn dat it konsintraasjekamp Auschwitz befrijd waard. Omrop Fryslân werhellet tiisdei op tillevyzje de dokumintêre 'Werom nei Auschwitz' dy' t makke is mei Herman Zilverberg út Drachten. Zilverberg hat Auschwitz as 25-jierrige oerlibbe en gie yn 2002 werom nei it konsintraasjekamp mei programmamakker Evert van der Berg. Hy is twa jier letter ferstoarn.
Te sjen om 16.25 oere en om 22.25 oere by Omrop Fryslân Televyzje.