Dôfhûdige Feanster betellet restaurantrekken wer net

© ANP
In 50-jierrige man fan It Hearrenfean is yn de nacht fan moandei op tiisdei oppakt yn Grins om't er iten hie by in restaurant en fuortgean woe sûnder te beteljen. It personiel fan it restaurant oan de Gedempte Zuiderdiep betrape de man en belle de plysje. De ôfrûne wike is de Feanster ek al ferskate kearen yn Fryslân oppakt foar itselde fergryp.