Marrit Leenstra ek net yn aksje yn Hamar

27 jan 2015 - 11:18

Reedrydster Marrit Leenstra fan Wikel docht ek net mei oan de wrâldbekerwedstriid yn it Noarske Hamar. Leenstra is dêrmei al de tredde Nederlânske reedrider dy't ôfseit. Sven Kramer en Koen Verweij dogge dit wykein ek net mei. De reedriders wolle harren rjochtsje op de WK ôfstannen oer twa wike yn Thialf. Leenstra komt dêr yn aksje op de 1000 en 1500 meter, Kramer op de 5 en de 10 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)