Nije MBO-oplieding yn kringloopwinkel

27 jan 2015 - 10:31

Omrin en it Friesland College hawwe tegearre in nije oplieding opsetten foar folwoeksenen. Hjirmei kinne de dielnimmers in MBO-diploma helje. De stúdzje bestiet út in wurkûnderfiningsplak by in kringloopwinkel fan Omrin. Dêr krije de studinten les op lokaasje. Nei 4 moanne folget in advys: allinnich it diploma foar MBO-nivo 1 helje of fierder studearje. Nije wike tiisdei wurdt de gearwurkingsoerienkomst tusken Omrin en it Friesland College ûndertekene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)