Ynhelwedstriid UNIS Flyers op 3 febrewaris
De wedstriid tusken de iishockeyers fan de UNIS Flyers en de Eindhoven Kemphanen sil nije wike tiisdei ynhelle wurde. De wedstriid gie ferline wike net troch omdat de Eindhovenaren maleur hienen mei de bus en dêrtroch net nei Thialf komme koenen. De wedstriid set dy jûns om acht oere útein.