Wurknimmers V&D driigje mei gong nei de rjochter

26 jan 2015 - 22:28

Wurknimmers fan de V&D yn de trije noardlike provinsjes driigje mei in gong nei de rjochter as it winkelbedriuw in oankundige leansferleging fan 5,8 persint net fan tafel hellet. Dat is de útkomst fan de gearkomste fan moandeitejûn mei fakbûn FNV yn Grins.

By de gearkomste wienen sawat fyftich wurknimmers oanwêzich. Dy tekenen unanym in petysje dêr't V&D yn frege wurdt de leansferleging yn te lûken. In gong nei de rjochter is pas mooglik as V&D de leansferleging echt trochfiert. Dat is pas te sjen as it lean fan febrewaris útbetelle wurdt

Fan 'e wike wurde ek personielsgearkomsten organisearre yn Amsterdam, Rotterdam, Weert, Utrecht en Deventer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)