Shorttrackklup Trias kin fraach nei shorttracklessen net oan

26 jan 2015 - 21:57

Shorttrackklup Trias yn Ljouwert kin alle belangstelling fan takomstige talinten net oan. Hielendal net no't de KNSB ek noch fergees shorttracklessen jout. Trias kriget safolle oanmeldings fan pupillen dat de klup bern teloarstelle moat. Der is temin plak op de Ljouwerter iisbaan om se allegearre les te jaan. De bern komme op in wachtlist.

Trias hopet dat op de nije iisbaan dy't takom seizoen yn Ljouwert iepene wurdt, mear romte is om oan de grutte fraach nei shorttracklessen te foldwaan.

Nei it EK shorttrack yn Dordrecht hat de KNSB besletten om twa wike lang alle iisbanen yn Nederlân fergees iepen te stellen foar nije shorttracktalinten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)