Waadferiening krijt 500.000 euro stipe fan Postcode Loterij

26 jan 2015 - 21:06

De Waadferiening hat dit jier ek wer 500.000 euro oan stipe krigen fan de Nationale Postcode Loterij. Dat twittere direkteur Arjan Berkhuysen moandeitejûn.

Ferskate organisaasjes krije fan de lotterij finansjele stipe foar harren wurk. Oare klups dy't ek 500.000 euro krigen, binne bygelyks Voedselbanken Nederlân en stichting De Vrolijkheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)