Friezen reizgje nei Den Haach foar Break the System

Aksjefierders út Fryslân en Grinslân gean tiisdei nei Den Haach foar de aksje Break the System. Se demonstrearje foar in rjochtfeardiger en humaner lân. Neffens de aksjefierders krije minsken net wat se fertsjinje, benammen op it mêd fan soarch.
Gerda van der Werf koördinearret de aksje yn Fryslân. Yn Bynt fertelde se dat se sa'n 70.000 minsken ferwachtet. Yn Den Haach sille se de polityk in petysje en easkepakket oanbiede. As it regear dêr foar fjouwer oere tiisdeitemiddei net op reagearret, sille de aksjefierders it Binnenhôf besette.