D66 sprekt stipe út foar Fier Fryslân

26 jan 2015 - 18:23

De Twadde Keamer-fraksje fan D66 hat op 'e nij politike stipe útsprutsen foar Fier Fryslân. De keamerleden Pia Dijkstra en Magda Berndsen seine dat moandei by in wurkbesite oan de organisaasje.

Fier Fryslân hat syn haadfestiging yn de Veilige Veste yn Ljouwert en is in ekspertize- en behannelsintrum op it mêd fan geweld yn bygelyks de relasjonele sfear. Tink oan minsken dy't it slachtoffer wurden binne fan húslik geweld, loverboys of earwraak.

Trefwurden: 
Ljouwert Fier Fryslân D66
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)