"Better ûnderwiis troch minder lesoeren"

26 jan 2015 - 14:08

Minder oeren nei skoalle, betsjut krekt bettere prestaasjes. Dat is de bysûndere útkomst fan in ûndersyk fan it Sintraal Buro foar de Statistyk. Dêryn binne 33 lannen mei inoar fergelike op ferplichte skoaloeren en skoalprestaasjes. Guon lannen mei minder lesoeren, lykas Finlân, dogge it better as lannen mei mear oeren.

It liket tsjinstridich: minder nei skoalle en bettere prestaasjes. Neffens saakkundige Tjitte Wierdsma moate je foarsichtich wêze mei it lûken fan konklúzjes, mar soe dit ûndersyk wol helpe kinne by better ûnderwiis.

Nederlânske learlingen sitte yn fergeliking mei in soad oare lannen yn ferhâlding in soad oeren yn de skoalbanken. Dat is neffens it ûndersyk net altyd better foar de resultaten.

Statistiken CBS: Mear lesoeren net altyd better.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)