Molkauto yn de sleat by Hilaard

26 jan 2015 - 12:35

Op de Westergoawei by Hilaard is moandeitemoarn in tankauto fol molke fan de dyk rekke en yn de sleat bedarre. De sjauffeur rekke dêrby ferwûne. Hy is earst stabilisearre troch in traumadokter en dêrnei nei it UMCG yn Grins brocht.

Neffens tsjûgen begûn de molkwein te slingerjen en rekke dernei yn de sleat. De plysje tinkt dat de man in beroerte hân hat. Neier ûndersyk moat de oarsaak noch dúdlik meitsje. It ferkear fanút de rjochting Ljouwert is omlaat. Neffens de plysje duorre de berging in oantal oeren.

Trefwurden: 
sleat Deinum molkauto
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)