Boot Düsseldorf soarget foar mingde gefoelens

26 jan 2015 - 11:28

De grutte beurs Boot Düsseldorf is foar in lyts tal Fryske wettersportûndernimmers net goed ferrûn. Dizze ûndernimmers waarden ûnderbrocht yn in hal hielendal achteroan yn it grutte kompleks, wêrtroch de oanrin fan besikers ôffoel. En dat wylst in ûndernimmer in trochsneed tusken de 20.000 en 50.000 euro ynvestearret om op de beurs te stean.

Der wienen lykwols ek in soad Fryske ûndernimmers dy't tige te sprekken wienen en Fryslân ynternasjonaal op de kaart set hawwe. Jappie van der Pol neamt it evenemint in grut súkses.'

Albert Hendriks fan it buro fan toerisme Friesland Holland sil mei de direksje fan de beurs oerlizze hoe't soks in oare kear better kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)