Wittenskiplik ûndersyk nei ideale reedrydslach yn Thialf

Yn Thialf is moandeitemoarn betiid úteinset mei bysûndere mjittings om de ideale reedrydslach fan reedriders te ûndersykjen. Earder makke ûndersiker Eline van der Kruk fan 'e TU Delft al in kompjûtermodel dat foarseit hokker reedrydslach in reedrider it bêste brûke kin om de measte snelheid te krijen.
Reedrydster Lotte van Beek die moandei mei oan de mjittings om it model te testen. Van Beek ried yn in spesjaal reedrydpak mei reflektearjend materiaal. Ferskate kamera's koenen sa in 3D profyl fan har meitsje.
Neffens Van der Kruk binne de massa, skonklingte en hichte fan in reedrider fan ynfloed wêze op de fraach hokker reedrydslach de bêste resulaten boekt. De simulaasjes litte bygelyks sjen wat it bêste momint is foar in reedrider om ôf te setten. It ûndersyk kin reedriders helpe om noch bettere resultaten te boeken.