Cambuur-Hearrenfean binnen twa minuten útferkocht

26 jan 2015 - 10:28

De derby SC Cambuur-SC Hearrenfean wie moandeitemoarn binnen twa minuten útferkocht. De kaarten koene allinnich online kocht wurde. Ferline wike wienen ek de tagongsbewizen foar it útfak al hiel fluch útferkocht.

De derby is op snein 15 febrewaris om 12.30 oere yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)