Skoalskriuwers sette útein op fiif Fryske basiskoallen

26 jan 2015 - 09:42

Fiif Fryske basisskoallen krije moandei harren eigen skoalskriuwer. Berneboekeskriuwster Janny van der Molen is skoalskriuwer op basisskoalle De Feart yn Jobbegea. De skoalskriuwers bliuwe in healjier oan de basisskoalle ferbûn. It doel is dat sy der foar soargje dat de skoallen better wurde yn taal.

It projekt is yn Jobbegea feestlik útein set mei sjonger Raynaud Ritsma en deputearre Jannewietske de Vries. De inisjatyfnimmers mikke op groei. Se wolle it kommende skoaljier tsien skoallen oan it projekt meidwaan litte.

Oare skriuwers dy't yn Fryslân oan it projekt meidogge binne Dolf Verroen en Mindert Wijnstra (aktyf op De Stapstien yn Kollumesweach), Hanneke de Jong (op De Reinbôge yn Twizelerheide), Lida Dykstra (op de Johannes Looyenga Skoalle yn Surhuzum) en Arend van Dam (oan de De Groen van Prinstererskoalle yn Dokkum).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)