PvdA wol ûndersyk nei fertraging popoefenromte Snits

Elektryske gitaar © Omrop Fryslân
De PvdA-fraksje yn de gemeente Súdwest-Fryslân wol dat de rekkenkeamer ûndersyk docht nei de fertraging fan de popoefenromte yn it sintrum fan Snits. Neffens de fraksje is it de gemeente nei 5 jier noch net slagge om sa'n oefenromte te realisearjen, wylst de gemeente der by grutte prestiizjeprojekten wol boppe op sit.
Foar de takomstige brûkers fan de oefenromte betsjutte de fertragings kear op kear in teloarstelling, sa seit de PvdA. Dy wol dêrom in ûnôfhinklik ûndersyk.