Twa kear sulver foar Catrinus van der Veen

De Fryske parsefotograaf Catrinus van der Veen hat snein twa kear sulver helle yn de striid om de Zilveren Camera. Van der Veen út Hjerbeam wie twa kear nominearre. Yn de kategory 'Binnenlands Nieuws' mei in foto fan minister Kamp dy't fan achter in rút nei in protest fan Grinzers tsjin de gaswinning sjocht en yn de kategory 'Natuur en Milieu' mei in foto fan de earste reedriders op it Fryske natueriis.