Vitessesupporters fuortstjoerd nei fjochterij

© ANP
De plysje yn It Hearrenfean hat sneontejûn de supportersgroepen fan SC Hearrenfean en Vitesse útmekoar helje moatten. In groep Vitessesupporters wie op eigen gelegenheid nei It Hearrenfean riden en socht de konfrontaasje mei de Feansupporters. Om't de plysje tocht dat de fjochterij fierder gean soe by it stasjon, mochten treinen tydlik net stopje by it stasjon.
De plysje wist de groep Vitessesupporters nei harren auto's te begelieden en stjoerde harren fuort.