Willem Greve wint Grutte Priis op hynstekonkoers

25 jan 2015 - 16:48

Springruter Willem Greve út Markelo hat snein de Grutte Priis fan Fryslân wûn op it ynternasjonale konkoers yn Drachten. Hy bleau foutleas yn de barraazje mei syn hynder Carambole. Syn tiid wie 35.06 en wie dêrmei de rapste. De winner ûntfangt hast 22.000 euro oan prizejild. It twadde plak gong nei Karim Elzoghby út Egypte. Robert Vos út Wierden einige as tredde.

De wedstriid wie de ôfsluting fan trije wiken konkoers yn Drachten. It ICNN, Internationaal Concours Noord Nederland, is dit jier foar de fjirde kear hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)