Schulting tefreden oer EK-debút

Shorttrackster Suzanne Schulting fan De Tynje makke dit wykein har debút op it EK shorttrack yn Dordrecht. Schulting wist gjin medaljes te pakken. Op de 1500 meter waard se kwalifisearre en op de 1000 meter gong Schulting hast ûnderút torch in eigen flater. Dochs wie it 17-jierrige talint nei ôfrin tefreden oer har earste Europeeske toernoai.
De Friezinne komt sneintemiddei noch yn aksje mei de Nederlânske frouljusploech op it ûnderdiel ôflossing. Dêryn hat Nederlân goede kânsen op it goud.