Sjinkie Knegt sa goed as wis fan EK-titel shorttrack

25 jan 2015 - 15:46

Shorttracker Sjinkie Knegt is sa goed as wis fan de Europeeske titel. De Bantegeaster pakte snein syn twadde gouden medalje by it EK shorttrack yn Dordrecht troch de finale op de 1000 meter te winnen. It sulver wie foar Freek van der Wart, it brûns gong nei de Rus Semen Elistratov. Lângenoat Viktor An stroffele yn de slotmeters en einige as fjirde.

Sjinkie Knegt giet mei allinnich de superfinale op de 3000 meter noch op it programma rom oan de lieding yn it klassemint mei 89 punten. An stiet twadde mei 50 punten. Elistratov stiet tredde.

Yn de B-finale einige Daan Breeuwsma as lêste. Hy besparre syn enerzjy foar de finale op de ôflossing, dy't letter sneintemiddei ferriden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)