Man bekent fernielings oan Snitser flat
In 35-jierrige man út Snits is oppakt foar it ynsmiten fan ruten by de Furmerusflat yn syn wenplak. Yn totaal hat de fertochte 16 ynsidinten bekend. De man wie earder al oppakt, mar ûntkende doe dat er belutsen wie by de fernielings. Ofrûne wike waard de Snitser lykwols op 'e nij oppakt. No hat er alle fernielings bekend. Foar de fertochte is helpferliening ynskeakele.