Hearrenfean wint mei romme sifers fan Vitesse

SC Hearrenfean hat sneontejûn in prima oerwinning helle tsjin Vitesse (4-1). Fral yn de earste helte wie de ploech fan trainer Lodeweges betiden oppermachtich. Al nei fjouwer minuten soarge útblinker Luciano Slagveer foar de iepeningstreffer. Seis minuten letter ferdûbele Mark Uth de skoare, syn 12e fan dit seizoen. Krekt foar it skoft makke Daley Sinkgraven der noch 3-0 fan. Doe't Slagveer yn de 53e minút de 4-0 makke, wie dat de definitive nekslach foar de gasten út Arnhem. Vitesse oanfierder Kashia soarge noch wol foar in earetreffer.
Vitesse coach Peter Bosz wie nei ôfrin dúdlik: "Dit was het slechtste Vitesse dat ik dit seizoen gezien heb."