SC Cambuur ferliest fan koprinner PSV

24 jan 2015 - 21:50

Cambuur ferlear sneontejûn de thúswedstriid tsjin koprinner PSV mei 2-1. Mar as der oait kâns wie om in topklup te pakken dan wie it dizze kear wol. Cambuur faalde lykwols yn de ôfwurking. Ogbeche en Bytyqi misten yn de earste helte grutte kânsen. Yn de 39e minút makke PSV út it neat de 0-1. De goal waard makke troch Wijnaldum. Yn de 73e minút makke Depay de 0-2 en doe wie de wedstriid eins spile.

Djip yn blessueretiid sette Daniël de Ridder mei in moaie frije traap de 1-2 einstân op it boerd. Cambuur hat no 27 punten út 19 wedstriden.

Trefwurden: 
fuotbal Ljouwert SC Cambuur PSV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)