Fryske shorttrackers troch nei EK-finale op de ôflossing

Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma © ANP
De Nederlânske shorttrackmanlju mei dêryn de Friezen Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma, hawwe harren sneon op it EK shorttrack ienfâldich pleatst foar de finale fan it ûnderdiel ôflossing. De ploech mei dêryn ek Freek van der Wart en Adwin Snellink wûnen ienfâldich harren heale finale. Ruslân pleatste him as twadde.
Ek Rianne de Vries en Suzanne Schulting hawwe harren mei it Nederlânske team pleatst foar de finale fan de ôflossing. It team mei dêryn ek Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof wûn de heale finale foar Italië, dat twadde waard.
De finales fan de ôflossing wurde snein ferriden