Goud foar Sjinkie Knegt op 1500 meter; Breeuwsma wint brûns

24 jan 2015 - 15:19

Shorttracker Sjinkie Knegt hat sneon it goud pakt op de 1500 meter by it EK shorttrack yn Dordrecht. Knegt wist yn in spannende finale de Rus Semen Elistratov op de einstreek krekt foar te bliuwen. It brûns wie foar Daan Breeuwsma, dy't de grutte favoryt Viktor An efter him wist te hâlden.

Sneontemiddei komme de manlju ek noch yn aksje op de 500 meter en it ûnderdiel ôflossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)