Into The Great Wide Open al wer útferkocht
De sande edysje fan Into The Great Wide Open op Flylân is no al útferkocht. De foarferkeap fan de kaartsjes begûn sneon om 10.00 oere. De kaarten wienen, lykas eardere jierren, gau fuort.
It festival duorret fan 4 oant en mei 6 septimber. Letter yn it jier sil de organisaasje kaartsjes werom keapje fan minsken dy't net kinne. Dy kaartsjes wurde dan op 'e nij oanbean. De organisaasje warskôget minsken om gjin kaartsjes fia allerhande websiden te keapjen, mar allinnich fia it offisjele kanaal.