Skoarstienbrân yn Allingawier
De brânwacht fan Makkum is sneontemoarn útrukt foar in skoarstienbrân yn in hûs oan de Bonjeterperwei yn Allingawier. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.
It korps fan Makkum krige assistinsje fan de heechwurker fan it korps fan Boalsert om de skoarstien skjinmeitsje te kinnen.