Netwurkprojekt Flechtlingewurk krijt ferfolch

It projekt 'Je bent wie je kent' fan Flechtlingewurk Noard-Nederlân krijt in ferfolch op De Jouwer en It Hearrenfean. Ferline jier gong it projekt op De Jouwer foar it earst fan start mei as doel om flechtlingen en migranten oan in better netwurk te helpen. Trochdat dizze minsken faak isolearre binne en gjin oare minsken kenne, is it lestich om in plakje te krijen yn de mienskip, lit stean om wurk te finen.
Dit jier rjochtet it projekt him benammen op ynboargerers, dy't al wol kontakten ha mar net oan in baan komme kinne.