Basisplak Thern yn wedstriid tsjin Vitesse

Simon Thern is sneon yn de wedstriid tsjin Vitesse de ferfanger fan Marten de Roon. De oanfierder fan SC Hearrenfean is nei syn fyfde giele kaart skorst, wêrtroch Thern foar it earst in basisplak hat. De Sweed kaam yn de winterstop oer fan Malmö FF en makke ferline wike tsjin FC Utrecht as ynfaller syn earste minuten.
De rêchblessuere fan Kenneth Otigba is hersteld, wêrtroch Otibga wer spylje kin. Hy nimt it plak yn fan Doke Schmidt.
Mooglike opstelling: Nordfeldt, Marzo, Otigba, Van Aken, Van Anholt, Thern, Sinkgraven, Van den Berg, Slagveer, Uth en Larsson.