Wethâlder Veenhouwer stapt út de polityk

Wethâlder Jan-Henk Veenhouwer yn Eaststellingwerf set in punt achter syn politike karriêre. De VVD'er, dy't sûnt 2010 aktyf wie as wethâlder, kiest foar syn bedriuw Autogroep Siton. Dat bedriuw gong ein ferline jier oer de kop, mar makke begjin dit jier in trochstart. It bestjoer fan de VVD jout de foarkar oan fraksjefoarsitter Sietse Derks as opfolger fan Veenhouwer.