LC-sjoernalisten leverje oeren yn foar kollega's

23 jan 2015 - 15:53

Hast 130 sjoernalisten fan de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden leverje frijwillich elk twa oeren wyks yn om oare kollega's oan it wurk te hâlden. Troch in reorganisaasje moatte tritich folsleine banen ferdwine op beide redaksjes. Troch oeren yn te leverjen bliuwt de skea beheind ta alve banen.

De reorganisaasje is nedich omdat memmebedriuw NDC takom jier in liening fan 15 miljoen euro werombetelje moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)